Ynbraak De Jouwer en De Lemmer

De plysje ûndersiket twa ynbraken fan sneintenacht op De Lemmer en De Jouwer. By in bedriuw oan de Jouster Marconiwei hawwe ynbrekkers de doar trochseage om deryn te kommen. Dêr is in klûs meinommen. Op De Lemmer waard ynbrutsen by in bedriuw oan de Stasjonswei.
In tsjûge seach trije manlju omhingjen en tipte de plysje. Der wie in rollûk stikken makke en guod út it bedriuw lei op 'e dyk. De plysje koe twa fan de trije fertochten oanhâlde.