Dost nei SC Heerenveen

Bas Dost (foto: tctubantia.nl)
Bas_Dost (20) fan Heracles spilet takom seizoen by SC Heerenveen. Dat makke de klup út Almelo snein bekend. Finansjeel binne beide klups derút. De oanfaller moat noch oerienstimming berikke mei de klup. Nei alle gedachten sil dat wol goedkomme.
De spits wie mei fjirtjin doelpunten topskoarder fan de Almelose klup yn it ôfr­ûne seizoen.