Tûzen besikers yn Alde Feanen

Goed 1000 minsken ha snein by it nasjonaal park De Alde_Feanen by Earnewâld west. Dêr wie iepen hûs. Dat wie in inisjatyf fan it Fryske Gea, dat dit jier it 80-jierrige jubileum fiert. De iepen dei is in aktiviteit yn it ramt fan dat jubileum.
Besikers koene mei op ekskurzje troch it gebiet. Ek wiene der demonstraasjes, aktiviteiten foar bern en in natuermerk.