Cambuur út play-offs

09 maaie 2010 - 16:30

Cambuur hat yn in útferkocht eigen hûs wol wûn fan Go Ahead Eagles, mar nei earder ferlies wie dit net genôch. Nei in rappe goal yn de earste helte fan Mark de Vries, slagge it de Ljouwerters net om dien wurk te meitsjen.

De ploech fan trainer Stanley Menzo moast it yn de twadde helte ôflizze tsjin de ploech út Deventer. Wol krige Cambuur kânsen, mar dy waarden net fersulvere. Nei in goed seizoen, is de promoasje dus net slagge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)