Visserman wint Briorace

De Brio-sylrace fanút Terherne is sneon wûn troch Hylke Visserman út Heech. Hy die mei yn de frije klasse. Syn tiid wie goed acht oeren. In soad oare dielnimmers diene folle langer oer de tocht troch de Súdwesthoeke. Der diene 150 boaten mei. Der wiene nochal wat útfallers.
By de syltocht meie silers gjin gebrûk meitsje fan de motor. Der stie net in soad wyn. De Brio sylrace is yn 1988 foar it earst hâlden. Takom jier is de wedstriid op sneon 28 maaie.