Cambuur al op foarsprong

09 maaie 2010 - 14:48

Yn de wedstriid Cambuur - GA Eagles makke Mark de Vries snein yn de alfde minút it earste doelpunt foar de Ljouwerters. De topskutter mei 21 doelpunten yn de reguliere kompetysje, skoarde nei it ferlingen fan in foarset en in kopbal fan Sandor van der Heide.

De taktyk fan trainer Menzo wie ek om in rappe goal te meitsjen om druk te setten nei it 2-0 ferlies fan de wedstriid ôfrûne tongersdei yn Deventer tsjin Go Ahead Eagles.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)