Dronken man rydt troch tún

In man (40) út Aldemardum is oppakt. Hy hie mei de auto troch in tún riden oan de Ikebosker en wie dêrnei trochriden. De plysje fûn de auto letter leech oan. It bergjen fan de wein waard hindere troch minsken dy't yn dy strjitte in feestje hiene.
Mei noch mear plysje binne dy minsken op in ôfstân hâlden. De bestjoerder wie ek ien fan de feestgongers. Hy woe op syn wein klimme, mar foel op strjitte en rekke ferwûne. Hy is meinaam nei it buro. De man hie dronken.