Mishanneling op It Fean
In Feanster (39) is sneintemoarn betiid oanhâlden foar mishanneling. Yn in hoarekagelegenheid oan de Gedempte Molenwijk wiene 3 minsken ferwûne rekke. De slachtoffers wisten in sinjalemint fan de fertochte te jaan sadat dy oppakt wurde koe.
Oanlieding wie in fraach oer de kwaliteit fan in broadsje. Dat foel net goed en de man begûn te slaan. De fertochte is meinaam nei it buro.
Trefwurden:
argyf