Fernielings op It Fean
In man (34) fan It Hearrenfean en in Schiedammer (32) binne sneontenacht op It Fean pakt. De plysje trappearre it duo doe't se in spegel fan in parkearde auto oan de Fok fenielden. Op it buro die bliken dat de mannen ûnderweis noch mear saken fernield hienen.
De plysje wie ekstra wach om't de lêste tiid mear fernielings dien waarden yn it sintrum.