Byldhousintrum moat jild ha

Herma Bovenkerk (foto: www.kalkoentje.com)
It byldhousintrum foar jongeren yn Koudum stiet faai. It kin inkeld trochgean as de gemeente ein juny goed in ton op it kleed leit. As dy stipe der komt, dan lizze provinsje en oare subsydzjejouwers pas it oare part fan it jild op tafel.
Inisjatyfnimster Herma Bovenkerk hat 250.000 euro nedich foar it sintrum. Der wurdt al goed twa jier oan de plannen wurke. Der binne ek al twa gebouwen oankocht foar húsfesting. Der is in soad animo foar it sintrum.