Soad sjoggers filmke Club Q

09 maaie 2010 - 11:54

It opspoaringsfilmke dat de plysje op You Tube set hat oer de fjochtpartijen yn Club Q is al sa'n 9.000 kear besjoen. Mei it filmke hopet de plysje mear tips te krijen oer de fjochterijen. Dy kosten de 16-jierrige Redmar Smedema it libben en de 20-jierrige Gerard Dijkstra rekke der swier ferwûne by.

It filmke waard sneon op ynternet set, middeis hat de plysje ek flyers útdield. Nei oanlieding dêrfan binne yntusken nije tips dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)