FVC kampioen earste klasse

FVC is kampioen fan de sneins earste klasse wurden. Hoogeveen, de iennige konkurrint, waard sneontejûn op sportpark Wiarda mei 1-0 ferslein. De earste helte tusken de beide ploegen smiet amper goed fuotbal op. Hoogeveen spile wat makliker, mar beide ploegen krigen gjin kânsen.
Alseny Bangoura kaam yn de twadde helte yn it fjild. Hy spile it kampioensdoelpunt. De wedstriid moast sneon spile wurde, omdat snein Cambuur yn aksje komt tsjin Go Ahead Eagles.