Aris stunt yn Bergen op Zoom

08 maaie 2010 - 22:19

De Friesland Aris hat de tredde wedstriid yn de play-offs yn Bergen op Zoom mei 97-95 fan de Giants wûn. Nei twa ferliespartijen (93-80 en 92-77 foar Bergen op Zoom) moast it team fan Pete Miller winne om de heale finale te ferlingjen.

De wedstriid waard yn it lêste kwart beslikke: 30-21 foar de Ljouwerters. De trijepunter fan Darryl Monroe, 31 punten, wie de winnende 'buzzerbeater'. De oare trije kwarten wiene foar de thúsploech: 20-19, 24-23 en 30-25.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)