Wilders eefkes yn Ljouwert

08 maaie 2010 - 15:07

De lanlike ferkiezingskampanje fan de PVV is sneon begûn yn Grins en Ljouwert. Fraksjelieder Geert_Wilders en guon leden fan syn fraksje ride mei in promoasjebus lâns beide stêden. Middeis kaam de bus oan yn Ljouwert.

De politikus waard begelaat troch 14 befeiligers. Dat makke it somtiden foar it publyk dreech om mei him yn kontakt te kommen, ek om't Wilders en syn fraksjeleden de gong der goed ynhâlden. Nei 20 minuten wie de politikus alwer fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)