Auto oer de kop by Drachten

08 maaie 2010 - 13:30

In automobiliste (45) út Grins is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Drachten. Se rekke de macht oer it stjoer kwyt nei't se útwike moast foar in auto dy't har ynhelle hie. Dy kaam sa tichtby dat de frou it stjoer omsmite moast. Se rekke yn de berm en sloech mei de auto oer de kop.

Tsjûgen ferlienden earste help oan it slachtoffer. De frou is mei pine yn de nekke nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)