MKB: net nasjonale frije dei

08 maaie 2010 - 13:12

It MKB Fryslân fynt it gjin goed idee om 5 maaie altyd as nasjonale frije dei te meitsjen. Listlûker Cohen fan de PvdA kaam dizze wike mei dat idee. In mearderheid yn de Twadde Keamer liket foar te wêzen. No is it ien kear yn de fiif jier in frije dei.

Foarsitter Boelsma fan de ûndernimmersferiening is der net foar. It MKB wol middenstanners net ferplichtsje de saak te sluten. As dat net gebeurt, kin sa ekstra frije dei wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)