Beslach op bankrekken De Jong

Der is beslach lein op de bankrekken fan De Hel van '63
Autoferhierbedriuw Fliervoet hat troch de rjochter beslach lizze litten op de bankrekkens fan De hel van '63 Film bv fan filmprodusint Klaas de Jong. Dat hat advokaat Tielemans fan de autoferhierder freed bekend makke.
It ferhierbedriuw hat ek beslach lizze litten op alle jilden dy't de Stichting Nederlands Fonds voor de Film noch útbetelje moat oan De hel van '63 Film bv. Fliervoet seit dat er noch 40.000 euro te goede hat fan De hel van '63.