Ek Zwolle wol Martijn Barto

07 maaie 2010 - 16:25

Ek FC Zwolle hat ynteresse yn fuotballer Martijn Barto fan 'e Harkemase Boys. Earder meldde SC Cambuur him al op sportpark De Bosk foar de oanfaller.

Barto lit yn in reaksje witte dat hy nei it kommende wykein in kar makket út de ferskate oanbiedings. Harkemase Boys hopet Barto te behâlden. De Harkiten spylje it kommende seizoen yn de nije Topklasse.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)