Nije kantine De Waaie iepene

De fuotbal- en keatsferiening yn Sint Anne iepenje freed offsjeel de nagelnije kantine fan sportkompleks De Waaie. Nijbou wie nedich neidat it âlde ûnderkommen yn juny 2009 folslein ôfbaarnde.
De frijwilligers binne út 'e skroeven. Fuortdaliks nei de dramatyske brân fan ferline jier gie de knop om en is wurke oan in nij kantinekompleks. Mei de help fan in soad minsken is dat binnen it jier slagge.