Boer ferlit Controlploech

Margot Boer yn it pak fan de ploech dy't se ferlit
Reedrydster Margot Boer fan Grou ferlit de reedrydploech fan Control. Se is net akkoart gien mei it foarstel dat de formaasje fan coach Jac Orie dien hat. Ek de teamgenoaten fan Boer Marianne Timmer en Annette Gerritsen stappe út de ploech.
Der waard al in skoft ûnderhannele tusken de rydsters en de ploech. Wat de froulju no dwaan sille is noch net dúdlik. Foar safier bekend hawwe se noch net in nije ploech.