Noch kompjûtermaleur yn Snits

07 maaie 2010 - 10:44

De kompjûterproblemen by de gemeente Snits binne noch altyd net oplost. Yntern kinne de meiwurkers noch net allegearre oan de slach op it netwurk. Wol is freed de publyksbaly wer iepen gien en is de gemeente tillefoanysk wer te besetten.

Tongersdei kaam de steuring oan it ljocht en gie it gemeentehûs sels hielendal ticht. Freedtemoarn soene de problemen ferholpen wurde, mar dat is dus noch net folslein slagge. Wat de krekte oarsaak is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)