215 bekeurings yn Drachten

07 maaie 2010 - 10:24

By in ferkearskontrôle op de Lauwers yn Drachten hat de plysje tongersdei 215 bekeurings útdield. By in fuotgongersoerstek passearden by in radarkontrôle hast 1200 auto's en frachtweinen. Op de dyk is 50 de maksimum snelheid. De heechst metten snelheid wie 79 kilometer yn de oere.

Oanlieding foar de kontrôle wiene klachten fan bewenners. Nei oanlieding fan de skoare fan de kontrôle fan tongersdei, sil de plysje de kommende tiid faker kontrolearje op de Lauwers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)