Biltse studinte yn billefinale

De bille-foto fan Angelien Pot (foto: Studenten.net)
Studinte Angelien Pot (22) fan 'e NHL yn Ljouwert sit yn de finale fan de ferkiezing wa't de moaiste studintebillen hat fan Nederlân. Studenten.net hat yn gearwurking mei in ûnderbroekemerk de ferkiezing betocht. Mei-inoar ha 40 studinten har foar de ferkiezing opjûn. Tsien dêrfan sitte no yn de finale.
Angelien Pot studearret ferpleechkunde oan de NHL yn Ljouwert en komt fan Sint Jabik. Of se de moaiste billen hat wurdt op 20 maaie bekend makke.