Needferoardering foar Cambuur

De gemeente Ljouwert hat foar snein in needferoardering ôfkundige fanwege de fuotbalwedstriid fan Cambuur tsjin de Go Ahead Eagles. De needferoardering giet sneontejûn om 8 oere yn en rint oant sneintejûn 11 oere. De plysje mei dan previntyf fûillearje yn de hiele gemeente. Minsken dy't har misdrage wurde fuortendaliks it gebiet útset.
Ek sil de plysje mei in soad minsken op 'en paad wêze en wurdt gebrûk makke fan weinen fan de Keninklike Maresjesee.