Aris ferliest twadde wedstryd

06 maaie 2010 - 22:41

Basketbalklup De Friesland Aris fan Ljouwert hat de twadde wedstryd yn de play-offs foar de lânstitel ferlern mei 77-92 fan WCAA Giants út Bergen op Zoom. Nei in minne begjinfaze kaam Aris yn it twadde part sterk werom, mar slagge der net yn om de efterstân om te bûgen. Dêrnei rûnen de Giants út nei in grutte foarsprong.

De Giants ha no in 2-0 foarsprong yn de 'best-of-five' searje. Sneon is de tredde wedstryd yn Bergen op Zoom. By ferlies is Aris dan útskeakele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)