Snits Wyt Swart yn de finale

06 maaie 2010 - 22:04

Snits Wyt Swart hat de finale helle fan de noardlike distriktsbeker. Op Urk waard mei 2-0 wûn fan Urk 2. Al nei twa minuten skoarde Kassim Bizimana de 0-1 en op slach fan rêst bepaalde Klaas Schotanus de einstân op 0-2. Snits Wyt Swart spilet de finale tsjin SC Genemuiden.

De finale wurdt op pinkstermoandei spile op it fjild fan Snits Wyt Swart. De feriening fiert dit jier it 100-jierrich bestean. De begjintiid fan de finale is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)