Baggerwurk Westeinde stillein

De wyk Westeinde yn Ljouwert
It baggerwurk yn de Ljouwert wyk Westeinde is foarearst stillein nei klachten út de buert. Yn de wyk wie krekt útein set mei grut ûnderhâld fan it grien en it útbaggerjen fan de sleatten. Neffens de omwenners bart dit lykwols op in fierstente rûge wize. Dat soe tragyske gefolgen hawwe foar fûgels, stikelbargen, kikkerts en podden.
De gemeente seit neat ferkeard dien te hawwen. Ut ûndersyk hie bliken dien dat it ûnderhâldswurk gjin kwea koe.