Nij sân foar strân Amelân

Rykswettersteat begjint nije wike mei it opspuitsjen fan sân foar de Noardseekust fan It Amelân. Der sil mei-elkoar trije miljoen kubike meter sân oanfierd wurde om de kust fan it eilân op sterkte te hâlden. It sân wurdt net op it strân spuite, mar ûnder wetter foar it strân.
Fan mids augustus ôf wurdt der ek nochris 1 miljoen kuub sân òp it strân fan midden Amelân opbrocht. It wurk moat yn desimber 2010 klear wêze.