Cambuur-bussen te let

06 maaie 2010 - 17:10

In grut tal Cambuur-supporters is tongersdei te let rjochting Deventer gien foar de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles. Cambuur hie de busmaatskippij witte litten dat de wedstriid in oere earder begjinne soe, mar de bussen wiene net op tiid. Trije binne op tiid fuortgien, mar de oare fjouwer binne pas nei fiven ôfset.

It is noch mar de fraach oft dy lêste supporters de hiele wedstriid sjen sille. Yn oerlis mei de plysje is in alternative fluggere rûte socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)