Roazen populêr op memmedei

06 maaie 2010 - 16:30

It is bot drok by roazekwekerij Hartholt yn Droegeham. Kommende snein is it memmedei en in boskje blommen is al sûnt lange jierren in populêr kado. Foar de roazekweker binne dagen as memmedei in útkomst, want it giet de lêste jierren net goed yn de brâns.

Yn de wike foar memmedei wurde lykwols al gau trije kear sa folle ferkocht. De prizen binne dan ek in stik heger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)