Ferbouwing MCL Harns

06 maaie 2010 - 14:39

Sikehûs MCL yn Harns wurdt ferboud. Yn de rin fan it jier wurde de polykliniken oanpakt en komt der in nije yntree. Ek wurdt romte makke foar oare bedriuwen dy't yn it sikehûs har tsjinstferliening oanbiede wolle. It giet dan ûnder oare om in apteek.

De ferbouwing fan it MCL yn Harns kin trochgean, no't de definitive plannen goedkard binne troch de direksje. Doel is mei de ferbouwing it sikehûs by de tiid te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)