Oerterper festival útferkocht

Kommende sneon is der gjin plak mear yn de tinte fan it Festival316 yn Oerterp. Alle 4000 plakken binne ferkocht. Dat hat de organisaasje witte litten. Dit wykein stie de teller al op 3800 kaarten, de lêste pear hûndert binne de ôfrûne dagen de doar út gien.
Op it kristlik festival wurdt ûnder oare optreden troch de Amerikaanske gospelstjer Rebecca St. James. Ferline jier kamen der hast 3000 besikers nei it Festival316.