Opfallende buorden by sebra's

06 maaie 2010 - 14:16

By de oerstekplakken foar kuierders yn Drachten komme ferkearsbuorden dy't mear opfalle. De gemeente docht dat nei klachten fan kuierders dat se lang net altyd foarrang krije by it oerstekken.

Troch de opfallender buorden soe dat wol it gefal wêze moatte. Neist de nije buorden sille der ek faker plysjekontrôles hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)