Minder besikers De Welle

Swimbad De Welle yn Drachten hat ferline jier minder rekreative swimmers lutsen. It tal rekreanten is mei 9000 ôfnommen, sa docht bliken út it jierferslach. It swimbad wol om it tal besikers wer omheech te krijen mear swimarranzjeminten oanbiede. Dêrfoar wurdt ek spesjaal promoasje makke.
It tal partikuliere swimlessen is mei 8000 ôfnaam. Dêr stiet tsjinoer dat der wol 8000 mear skoalbern yn De Welle swimlessen folge hawwe.