Fertraging ferfier lokomotyf

It ferfier fan in âld lokomotyf fan Rotterdam nei Drachten hat tongersdei fertraging oprûn. Doe't de lokomotyf op in djiplader set wurde soe, die bliken dat dy it gewicht net oan koe. Dêrop moast in oare djiplader komme.
Earder wie ek al fertraging ûntstien omdat de motor en oare saken noch út de lokomotyf helle wurde moasten. Doel is dat de lokomotyf no oan de ein fan tongersdeitemiddei yn Drachten oankomt, dat is in heale dei letter as pland.