Poepedyk Berltsum opknapt

06 maaie 2010 - 12:01

It opknappen fan de Poepedyk yn Berltsum is klear. It dykje nei it eardere túnbougebiet by it doarp is werombrocht yn âlde styl. Dêrby binne âlde klinkerts brûkt en beplanting dy't bestiet út fruitbeammen.

It inisjatyf foar it opknappen komt fan pleatslik belang Berltsum. De provinsje hat in finansjele bydrage jûn foar de realisjaasje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)