Smaakpriis mooglik nei Balk

06 maaie 2010 - 11:07

Soarchsintrum Talma Hiem yn Balk makket kâns op de smaakpriis fan it ministearje fan Lânbou en Natuer. De priis, dy't ferline jier ynsteld waard, giet nei in soarchynstelling dy't neffens it ministearje 'in feestje' makket fan it iten. Dêrby wurdt ûnder oare sjoen nei it brûken fan sûne en farske produkten.

Talma Hiem is ien fan de kânshawwers. Op 3 juny wurdt dúdlik oft it soarchsintrum ek echt wûn hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)