Figuranten foar hynstefilm

Nije film fan Steven de Jong
Regisseur Steven de Jong siket figuranten foar syn nije film Penny's Shadow. De film, dy't fan 't simmer opnaam wurdt, giet oer in neikommeling fan ien fan de rêdingshynders fan It Amelân. It skript is skreaun troch Lars Boom en de TROS is ûnder oare belutsen by de produksje. De Jong siket as figuranten fiif jonges en famkes fan 10 oant 17 mei in ponny.
Ein dizze moanne wurdt in castingdei fan har hâlden. Ek wurdt noch socht nei in Shetland ponny mei in gutige kop.