Ynset nije media saak Club Q

06 maaie 2010 - 10:39

De plysje hopet mei it fersprieden fan posters en flyers mear te witten te kommen oer de dea fan de 16-jierrige Redmar Smedema. Dy ferstoar neidat er heal april belutsen wie by in rûzje yn Club Q yn Noardburgum. By in oare rûzje by de club rekke de 20-jierrige Gerard Dijkstra swier ferwûne.

De ôfrûne tiid binne al ferskate tips oer de rûzjes dien, mar neffens de plysje binne der ek tsjûgen dy't har noch net meld ha. Om dy no ek sa fier te krijen wurde moderne techniken ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)