Botsing op klaverblêd It Fean

Twa minsken binne woansdei ferwûne rekke by in oanriding op it klaverblêd by It Hearrenfean. In autobestjoerder út Wolvegea hie net sjoen dat flak foar him in oare auto, bestjoerd troch in frou út Westervoort, ynfoegde.
Om foar te kommen dat er der boppe-op ried, wykte er út, mar hy koe net foarkomme dat er de auto toch rekke. Beide auto's kamen op de flechtstripe ta stilstân. De twa minsken dy't ferwûne rekken, sieten by de frou út Westervoort yn de auto.