Twa ferwûnen by auto-ûngelok

06 maaie 2010 - 10:01

In man fan 66 en in frou fan 20 jier binne woansdeitejûn op de grutte dyk by Aldeholtwâlde ferwûne rekke by in auto-ûngelok. Troch ûnbekende oarsaak kamen twa auto's, wêrfan ien mei in karavan derachter, mei elkoar yn botsing.

De man en de frou rekken ferwûne oan boarst en búk en binne mei de ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)