Natuerteater op Skylge

06 maaie 2010 - 09:50

Op Skylge wurdt letter dizze moanne in natuerteater yn gebrûk naam. It teater wurdt it eilân skonken troch Steatsboskbehear. De natuerorganisaasje docht dat fanwege it 100-jierrich bestean.

It teater leit midden yn de bosken op it eardere ôffalstoart op Skylge en jout fanwege de hege lizzing útsjoch op it hiele eilân. It is makke mei grûn en planteresten dy't frijkaam binne by wurk oan de Skylger natuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)