Befrijingsfestival smoardrok

Smoardrok by festival yn Ljouwert
It befrijingsfestival yn Ljouwert hat meielkoar 120 oant 130.000 besikers lutsen. De edysje fan 2010 is dêrmei de drokste sûnt 1995. De grutte stream besikers soarge hjir en dêr foar problemen. Sa moast de tagongskontrôle by de Aldehou koarte tiid opheft wurde, omdat it te drok waard.
Besikers koene doe mei glês en blikjes op it festivalterrein komme. Letter waard de kontrôle wer ynsteld. Ek de Lytse Tsjerkstrjitte moast koarte tiid ôfsletten wurde.