Drachten krijt trein

05 maaie 2010 - 20:40

Drachten krijt nei 25 jier wer in trein. Nei't yn juny 1985 de lêste trein nei it Philipsfabryk kaam, komt der tongersdei nei 25 jier wer in trein nei Drachten. Dizze kear op in frachtwein. It giet om in lokomotyf fan it type 600 fan de NS. Troch de lokomotyf nei Drachten te heljen wol de wurkgroep 'Spoorverleden Drachten' it ferline werom bringe.

De trein wurdt opknapt en dêrnei op it terrein fan Philips delset. Der leit noch in stik fan it âlde spoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)