Bewenners tsjin rûch baggerjen

05 maaie 2010 - 20:11

Bewenners fan de wyk Westeinde binne poerlilk op de gemeente Ljouwert. Dy is dwaande mei grut ûnderhâld en dêr wurdt ek by baggere. Neffens de omwenners bart dit lykwols op in fierstente rûge manier.

Dat soe tragyske gefolgen hawwe foar fûgels, stikelbargen, kikkerts en podden. De bewenners hawwe wethâlders, gemeenteriedsleden en ferskate natuerorganinaasjes op de hichte steld fan de wurksumheden. Se hoopje mear skea foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)