Keunst yn Rottige Meente

05 maaie 2010 - 19:41

Yn natuergebiet De Rottige Meente by Munnikebuorren binne dizze dagen 16 keunstners dwaande. Se meitsje allegear keunstwurken yn de natuer, foar de manifestaasje 'Out of Space'.

Dat giet oer hoe't wy yn Nederlân mei de beheinde romte omgean. In diel fan de keunstners komt út it bûtenlân. Earder hawwe der fergelykbere eveneminten west yn De Weerribben en yn it Waterloopbos yn Marknesse. De manifestaasje begjint op 21 maaie en is iepen oant 1 novimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)