Grutte drokte yn Ljouwert

05 maaie 2010 - 17:01

De aktiviteiten mei befrijingsdei yn Ljouwert hawwe in hiel soad publyk lutsen. Op it plein by de Aldehou wie it betiden sels sa drok, dat stedswachten de oanfier fan minsken ôfslute moast. Dochs wie it te behearskjen, sei boargemaster Crone.

Gemeente, plysje en de organisaasje hawwe elk heal oere feiligensoerlis om de sitewaasje te beoardielen. De plysje joech koarte tiid oan dat minsken better net mear komme koene, mar fan Crone mei minsken gewoan komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)