Jonge út Marrum fermist

05 maaie 2010 - 16:47

De plysje hâldt in boargernetaksje foar in fermiste jonge. De 15-jierrige Leroy van Genderen út Marrum is licht-autistysk. Hy wurdt sûnt tiisdeitemiddei fermist. Hy hat in donkerblau mei swarte jas, in blauwe spikerbroek en swart mei gifgriene gympen oan. Leroy hat koart ljocht hier en in opfallend grutte noas. It berjocht is útgien nei fiiftûzen dielnimmers. Foar it earst docht ek de gemeente Ljouwerteradiel mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)