Bern ride yn âlde legerweinen

05 maaie 2010 - 15:27

Bern fan Fryske basisskoallen dy't in oarlochsmonumint adoptearre hawwe, mochten op befrijingsdei meiride mei âlde legerweinen. De stichting Keep them Rolling hie dat regele. Der wie safolle animo dat der lotte wurde moast, ek op skoallen sels ûnder de bern dy't mei woene.

De Frissel yn Feanwâlden wie ien fan 'e lokkige skoallen. By de lotting dêr diene sels de ûnderwizers mei. Eindoel wie Ljouwert dêr't in spesjaal programma foar de bern wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)