Brún wetter út 'e kraan

05 maaie 2010 - 14:13

Guon strjitten yn Ljouwert hawwe lêst fan brún kraanwetter. Dat komt neffens wetterbedriuw Vitens omdat yn ien fan 'e strjitten in brânkraan brûkt is foar it trochspuitsjen fan in ferstopping fan it rioel. Dêrtroch is de druk yn de wetterlieding minder wurden. Stikjes izer binne losrekke dy't har oars oan 'e lieding hechtsje.

Bewenners fan 'e strjitten moatte de kraan in skofke rinne te litten oant it brune wetter fuort is. As de wask brún is, is nochris waskje de oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)